IIs: wer drok yn sikehûzen

12 feb 2012 - 09:50

De Fryske sikehûzen ferwachtsje snein ek wer in soad drokte mei minsken dy't ferwûne reitsje op it iis. Se ha it der sneon ek al smoardrok mei hân. Hûnderten minsken moasten doe behannele wurde.

De sikehûzen hiene har goed op de drokte taret. Se hiene ekstra personiel ynskeakele om alle ferwûne minsken sa gau mooglik helpe te kinnen. Dochs wiene der lange wachttiden.

Ambulânses hiene somtiden de grutste muoite om by minsken te kommen dy't ferwûne rekke wiene. By Heech moast in sike-auto bygelyks in pear hûndert meter troch de greide ride om by in slachtoffer op de Wimerts te kommen. De plysje hat op guon plakken nochal wat bekeuringen útdield oan minsken, dy't de auto net goed parkeard hiene. Dat gebeurde foaral as de auto's de dyk blokkearden, sadat helptsjinsten der net delkoene.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)