Frou op scootmobyl ferdronken

11 feb 2014 - 15:22
  • Helpferlieners dwaande oan de Wetterlely yn Drachten

De frou, dy't tiisdeitemiddei yn Drachten yn it wetter rekke is, is ferstoarn. Dat hat de plysje bekend makke. It slachtoffer rekke nei alle gedachten mei har scootmobyl by de Waterlelie yn it wetter. Helpferlieners koene neat mear foar de frou dwaan.

Ut ûndersyk fan de plysje hat bliken dien dat de frou al ferstoarn wie foardat se yn it wetter rekke. Om wa't it giet is noch net bekend makke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)