Boer fiifde op earste 500 m

Margot Boer is op de earste 500 meter by de Olympyske Spelen yn Sotsji fiifde wurden op de 500 meter. De Goaiïngarypster ried 37.77. Marrit Leenstra fan Wikel kaam yn 39.03 oer de streek, goed foar it 21e plak. De ferwachte winst wie foar Sang-Hwa Lee fan Súd-Koreä. De Olympysk kampioen fan Vancouver en hâldster fan it wrâldrekôr klokte 37.42, in baanrekôr.
De Russise Olga Fatkulina waard twadde yn 37.57 en de Sinese Hong Zhang tredde yn 37.58. Laurine van Riessen waard 14e yn 38.64 en Lotte van Beek 15e yn 38.67.