Ljouwerter Siebel bliuwt ticht

De Ljouwerter festiging fan Siebel giet net wer iepen © Omrop Fryslân, Alle Faber
De Ljouwerter winkel fan Siebel Juweliers bliuwt foarearst ticht. De juweliersketen makke tiisdei bekend dat tolve winkels tydlik weriepene wurde. Yn it Noarden giet allinnich Grins tusken 12 febrewaris en 1 maart wer iepen.
Siebel Juweliers waard op 21 jannewaris fallyt ferklearre troch de rjochtbank.