Opdielen Bobob keallet swier

11 feb 2014 - 12:21
  • Brede skoalle yn Akkrum

De Stichting Openbaar Basisonderwijs Boarnsterhim (Bobob) hat in brief skreaun oan de gemeenterieden fan Súdwest-Fryslân, Ljouwert, Hearrenfean en De Fryske Marren. Dêryn wurdt klage oer it opdielen fan Bobob en de oergong nei de fjouwer stiftings yn de nije gemeenten. Dat soe allegearre te stadich gean. Bobob wol no foar 21 febrewaris dúdlikens hawwe oer de takomst.

Marc Kameraad, de ûnderhanneler foar Proloog (Ljouwert), Primus (DFM) en De Basis (Hearrenfean), is ferbjustere oer it brief.

Neffens him hawwe de fjouwer skoalkoepels der alles oan dien om op tiid it opdielen fan Bobob te regeljen. Kameraad seit dat se wachtsje op de fereaske papieren fan Bobob.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)