VDM makket trochstart

11 feb 2014 - 09:48
  • Website VDM woningen

Boubedriuw VDM út Droegeham, dat finansjeel yn swier waar sit, makket in trochstart. Foar de 142 wurknimmers is foarearst ûntslach oanfrege. Hoefolle fan harren yn de nije opset wer in baan krije kinne is noch net bekend. Dat seit direkteur Jan Hoekstra fan VDM.

De wurknimmers krije woansdei te hearren hoe't it no fierder giet en hoefolle fan harren wer oan it wurk kinne. Tiisdei wurdt oerlein mei de bewâldfierder en oare belutsen partijen oer de opset fan de trochstart. VDM frege ferline wike útstel fan betelling oan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)