Blog: Helden

'Oarloch yn de mixed zone' © Omrop Fryslân, Roelof de Vries
Ik wit wol, je moatte in bytsje normaal dwaan. Minsken binne ek gewoan mar minsken. Mar toch.
Fan 'e moarn besefte ik it ynienen wer efkes. Ik stie by de 'scrambeld eggs mei bacon' en sjoch njonken mei in frou. Hee, bekende kop. It kwartsje foel trije sekonden letter pas. Marianne Vos. "Goeiemorgen, eet smakelijk." Ik gean njonken myn NOS-kollega's sitten, wêrfan ik in pear ek adorear en sjoch Annette Gerritsen foarby rinnen. Njonken dat it in hiele moaie frou is, is se ek hiel sympatyk.
Nei it iten rin ik nei myn hotelkeamer. Underweis tref ik Pauline van Deutekom. By myn earste bûtenlânske reis foar de Omrop yn Berlyn hat se myn hert al stellen. Se waard wrâldkampioene en ik sjoch har noch yn in hoekje fan de parsekeamer, gûle as in lyts famke. "Hee, hoe is het? Ben je helemaal alleen joh? Ik hoorde dat je door je enkel bent gegaan? Ja, het is wel spannend, voor mij ook. Dat verslag geven is best een dingetje." Leuk.
Juster siet ik oan it moarnsmiel by ûnder oare Rintje Ritsma en Dione de Graaf. Dione is sa leuk. Hat in Fryske pake en is Fryslân-fan. Mar foaral hiel leuk. Rintje Ritsma kin ik yntusken al wat langer. Sa'n relaxte keardel. Libbensgenieter. Mar foar my in held fan froeger. En dat besefte ik my ynienen wer.
Ik wit wol, doch efkes normaal Roelof. Wat sitst no op te skeppen oer al dy BN'ers? Sorry. Yndie, it binne ek mar gewoan minsken. Mar toch, mar toch.