Fergees sporte foar beheinden

Noch goed in healjier en dan wurde yn Fryslân de Special Olympics Nasjonale Spelen hâlden. Dat is de lanlike fariant fan de Special Olympics foar minsken mei in beheining. Om Fryslân dêr klear foar te krijen en benammen ek minsken mei in beheining safier te krijen dat se meidwaan wolle, lit Sport Fryslân dizze moanne minsken fergees yn de kunde komme mei sport. De animo foar de earste jûn foel wat ôf, mar de organisaasje hat hoop dat it better wurdt.