Sikehuzen digitaal ferbûn

10 feb 2014 - 20:18

Ynformaasje oer pasjinten kin aanst folle flugger útwiksele wurde tusken sikehuzen yn Fryslân, Grinslân en Drinte. Dat komt trochdat de sikehuzen tiisdei op it digitale netwerk XDS oansluten wurde. No wurdt de ynformaasje noch oerlange op papier, op in skyfke of mûnling. It giet ûnder oare om foto's, notysjes en resultaten fan ûndersiken.

Troch it nije systeem kinne pasjinten earder oerpleatst en behannele wurde. De pasjinten moatte lykwols wol tastimming jaan foar it ferstjoeren fan medyske ynformaasje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)