Boerelân Skylge ûnder druk

10 feb 2014 - 18:08

It boerelân op Skylge komt hieltyd mear ûnder druk te stean. Dat fine de boeren op it eilân. Dat komt neffens harren ûnder oare trochdat der mear romte komt foar greidefûgelbehear, of omdat lân ûnder wetter set wurdt. Boppedat binne boeren benaud dat se parten fan lân dat se hiere kwytreitsje oan bygelyks kempings of wenningbou.

Se hoopje gau mei de oare belutsenen om tafel te sitten om oer in oplossing te praten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)