Asfaltwurk oan A7 by De Jouwer

10 feb 2014 - 16:54

Rykswettersteat is yn de nacht fan moandei op tiisdei op de A7 tusken De Jouwer en It Hearrenfean dwaande mei asfaltwurksumheden. Der is dêrom tusken njoggen oere jûns en seis oere moarns mar ien rydstrook beskikber.

Op itselde momint is ek de oprit Aldehaske rjochting It Hearrenfean ôfsletten. It ferkear wurdt frege de giele buorden te folgjen. It is mooglik dat de wurksumheden koarter as langer duorje, dat hinget fan it waar ôf, sa lit Rykswettersteat witte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)