Phishing-mail Friesland Bank

10 feb 2014 - 16:47

In grut tal eardere klanten fan de Friesland Bank hat de ôfrûne wiken in saneamde phishing-email krigen. Yn it e-mailberjocht waard frege om it rekkennûmer, it pasnûmer en de pinkoade troch te jaan. Foar safier bekend hat ien rekkenhâlder him by de bank melden om't der slachtoffer wurden wie, nei't er de opfrege gegevens trochjûn hie.

Hoefolle jild dizze klant krekt kwyt rekke is, wol de Friesland Bank net kwyt. De bank hat ek in flink tal tillefoantjes hân fan klanten dy't net wisten wat se krekt mei de email dwaan moasten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)