Jan Smeekens wint earste 500 m

Jan Smeekens yn aksje op de 500 meter © ANP
Jan Smeekens giet nei de earste 500 meter op de Olympyske Spelen yn Sotsji oan de lieding. De ynwenner fan Snits ried 34.59, in baanrekôr. Twafâldich wrâldkampioen Michel Mulder stiet op it twadde plak mei 34.63, de Japanner Keiichiro Nagashima is tredde mei 34.79. Tae-Bum Mo (34.84), Joji Kato (34.96) en Ronald Mulder (34,96) binne ek noch lang net kânsleas. Fan 'e middei letter is de twadde 500 meter.
Oant no ta hie Nederlân op de 500 meter mar twa kear in medalje wûn op de 500 meter. Lieuwe de Boer helle yn 1980 yn Lake Placid in brûnzen medalje en Jan Ykema pakte sulver yn 1988 yn Calgary.