Dryltser rekket auto kwyt

© ANP XTRA
In 18-jierrige jonge út Drylts moast sneintemiddei op Nijesyl it rydbewiis ynleverje foar ferskate ferkearsoertredings. De bestjoerder foel de plysje op om't er mei hege snelheid rûntsjes om in rotonde ried. Dêrby gie er mei de linkertsjillen oer de ferheging yn de midden. Dêrnei ried er mei 76 kilometer yn de oere troch in wenwyk dêrt 30 de maksimumsnelheid is.
De auto kaam dêrby los fan de grûn doe't er oer de drompels gie. De man moast syn auto en rydbewiis ynleverje en is oanmelden foar in kursus om oan syn ferkearsgedrach te wurkjen.