FNP-moasje Omrop en gaswinning

10 feb 2014 - 14:55

De FNP sil nije wike op it EFA-kongres yn it Spaanske Santiago de Compostella in moasje yntsjinje om de takomst fan Omrop Fryslân feilich te stellen. EFA is de European Free Alliance, in partij dy't mei sân minsken yn it Europeesk parlemint sit.

De FNP is mei 40 oare partijen út Europa oansletten by de EFA. Op it kongres sil it ferkiezingsprogramma foar de Europeeske ferkiezings fêststeld wurde.

Neist de moasje oer de Omrop sil de FNP in resolúsje mei yntsjinje dat regio's dêr't delfstoffen wûn wurde, it lêste wurd hawwe moatte oft dat al of net tastien wurdt. Yn Fryslân en Grinslân is dat op dit stuit hiel aktueel mei de gaswinning.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)