Knegt bot lêst fan senuwen

10 feb 2014 - 14:29

Sjinkie Knegt hie moandei bot lêst fan senuwen op de 1500 meter shorttrack yn Sotsji. Dat sei de teloarstelde Bantegeaster nei de heale finale tsjin ferslachjouwer Roelof de Vries. 'Ik hie bot lêst fan spanning. Der stie in bepaalde druk op my. Alles leit dan ûnder in fergrutglês. Benammen foar de sjuery. Der siet in soad yn 'e holle en it wie yn myn earste rit al fuortdaliks dúdlik dat ik foarsichtich wie'.

Knegt waard yn syn heale finale tredde, wylst in plak by de earste twa de eask wie. Hy einige efter de Kanadees Charles Hamelin en de Brit Jack Whelbourne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)