Waadferiening tsjin wynmûnen

10 feb 2014 - 14:09
  • Wynturbinepark op see

De helte fan de leden fan de Waadferiening wol gjin wynmûnen yn it Waadgebiet. Dat blykt út in enkête fan de Waadferiening ûnder har leden. In kwart fan de leden fynt dat wynmûnen wol kinne, mar dan wol yn 'e buert fan hege gebouwen.

De leden fine wynmûnen yn it Waadgebiet gjin gesicht. Boppedat tinke se dat de fûgels der bot lest fan hawwe. De enkête is holden om in stânpunt te foarmjen oer wynmûnen yn it Waadgebiet. De kommende jierren moatte de provinsjes Grins, Fryslân en Noard-Hollân mear wynenerzjy opwekke.

De Waadferiening wol ynfloed hawwe op de lokaasjes. Dêrom wolle se mei in dúdlik stânpunt komme, sadat der better ûnderhannele wurde kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)