Kramer ferliest fan De Jong

© awfoto.nl
Sven Kramer moast yn de lêste rit by de wrâldbekerwedstriden yn Hamar op de 5000 meter krekt belies jaan. Tsjinstanner Bob de Jong pakte yn it lêste rûntsje in lytse foarsprong en koe dat fêsthâlde. De Jong, dizze wike sûnder súkses op it NK maraton op natueriis, ried 6.21.23, Kramer kaam yn 6.21.87 oer de streek.
Nasjonaal kampioen Ted-Jan Bloemen wûn de B-groep yn 6.21.91. Yn de A-groep wie er dêr tredde mei wurden. Jorrit Bergsma die net mei yn Hamar. Hy hie it drok mei it natueriis mei winst yn Dwers troch Akkrum.