Gjin finale Sjinkie Knegt

10 feb 2014 - 12:36
  • Gjin finale Sjinkie Knegt

Sjinkie Knegt hat de Olympyske finale op de 1500 meter shorttrack yn Sotsji net helle. De Bantegeaster waard yn syn heale finale tredde, wylst in plak by de earste twa de eask wie. Knegt einige achter de Kanadees Charles Hamelin en de Brit Jack Whelbourne.

Ek foar Niels Kerstholt wie de heale finale it einstasjon. Kerstholt waard yn syn heale finale sechsde. Knegt ried yn syn heale finale mei mear fjoer as yn de searje. Doe waard er fjirde, mar troch de diskwalifikaasje fan de Japanner Takamido, kaam er dochs yn de heale finale.

Sjinkie Knegt komt ek noch yn aksje op de 500 en 1000 meter en mei de Nederlânske ploech op de ôflossing.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)