Winamers wolle skeafergoeding

10 feb 2014 - 12:32

Frisia is de feroarsaker fan de boaiemdelgong yn 'e omkriten fan Winaam. Dat stiet yn in rapport dat makke is troch Winamer Belang, mei sifers fan de Rijks Meet Dienst. Winamer Belang bestiet út in groep fan seis bewenners dy't skuorren yn 'e muorren hat en de skea net ferhelje kin, om't sy net bewize koene wa't de feroarsaker is.

Ut de rapportsifers blykt dat de grûn allinnich sakke yn de perioade dat der sâlt wûn waard. De leden fan Winamer Belang sille no besykje de skea op Frisia te ferheljen.

Direkteur Van Tuinen fan Frisia kin noch net reagearje, om't hy it rapport noch net krigen hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)