Auto by Appelskea yn 'e sleat

In 57-jierrige automobilist út Hoogeveen is sneintemiddei neist de Tilgrupswei yn Appelskea yn de sleat bedarre. De man kaam mei de tsjillen yn 'e berm en ferlear dêrtroch de macht oer it stjoer. De man en syn passazjier koene sels út de auto klimme, mar binne wol foar ûndersyk nei it sikehús brocht. Se hiene beide lêst fan it boarst en de nekke. De plysje ûndersiket hoe't it ûngelok krekt plakfûn hat.