Jonges smite ruten yn

10 feb 2014 - 11:32

De plysje hat sneintemiddei trije jonges tusken de 12 en 14 jier oanhâlden. Se wurde der fan fertocht ruten ynsmiten te hawwen by in hûs oan de Van der Weijstrjitte yn Ljouwert. Op basis fan de ferklearring fan in tsjûge koe ien fan de trije efterhelle wurde. De beide oaren binne letter fan hûs ophelle. Se moasten alle trije mei nei it buro om in ferklearring ôf te lizzen. De plysje makket proses-ferbaal op.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)