Knegt nei heale finale

10 feb 2014 - 10:58

Sjinkie Knegt hat de heale finale helle fan de 1500 meter shorttrrack op de Olympyske Spelen yn Sotsji. De Bantegeaster die dat mei de hakken oer de sleat. Yn syn searje waard er fjirde en dat bestjutte dat er útskeakele wie. Mar omdat de Japanner Takamido in diskwalifikaasje oan 'e broek krige, skode Knegt op nei it tredde plak. Dat wie genôch. Yn totaal wurde der seis searjes mei seis man ferriden. De bêste trije fan eltse searje gean fierder nei de heale finale. Dy wurdt krekt nei tolve oere ferriden. De finale is om ien oere.

Ek Niels Kerstholt helle de heale finale. Hy wûn syn searje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)