Oerfal op kebabsaak Ljouwert
In kebabsaak oan de Coopmansstrjitte yn Ljouwert is moandeitemoarn om healwei seizen oerfallen. De eigener fan de kebabsaak wie dwaande mei skjinmeitsjen, doe't trije manlju mei in fjoerwapen de winkel ynkamen. It trio easke jild en hawwe mei in ûnbekend jildbedrach de saak ferlitten.
De plysje hat fia in burgernetaksje oproppen út te sjen nei de fertochten. Twa fan harren hiene swarte klean oan, de tredde droech donkerbrune klean.