LDODK pakt belangrike punten

09 feb 2014 - 18:27

De kuorballers fan LDODK ha snein in belangrike oerwinning pakt troch yn eigen hal mei 26-22 te winnen fan de nûmer lêst NIC. Yn in bomfolle sporthal Koartsweagen pakte LDODK al rap in 8-3 foarsprong. NIC kaam lykwols knap werom oant 8-6. Nei opûnthâld troch problemen mei de flier, wreide LDODK de stân opnij út, wat resultearre yn in 14-9 rêststân.

Yn de twadde helte kamen de Grinzers op 'e nij gefaarlik tichtby. Fierder as 17-15 liet LDODK it lykwols net komme. Dêrnei rûn de ploech fan trainer Jan Sjoerd Pool ienfâldich út nei de winst.

De ploech fan trainer Jan Sjoerd Pool komt troch de oerwinning op 8 punten út 12 wedstriden, goed foar it 8e plak boppe OVVO en NIC. De bruorren Erwin en André Zwart wienen mei 9 en 7 treffers wer de tûkste LDODK'ers.

Trefwurden: 
kuorbal LDODK kuorballeague NIC
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)