Ingelân hat mear pompen nedich

09 feb 2014 - 14:44
  • It wetter giet noch hieltiid omheech yn Somerset

Pompeleveransier Van Heck út Noardwâlde moat mear pompen leverje oan Ingelân. Snein wie der krisisoerlis doe't op 'e nij mear lân ûnder wetter rûn. Van Heck is yn Bridgwater, Somerset oan it helpen it wetter ûnder kontrôle te krijen. Mar troch de stoarm en de oanhâldende rein komt der hieltyd wetter by.

Van Heck hat no trettjin pompen oan it wurk yn Ingelân, en dêr komme moandei seis ekstra pompen by. Premier Cameron fan Grut-Brittannië hat mear Nederlânske saakkundigen frege om te helpen by de oerstreamings.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)