Cambuur jout oerwinning fuort

09 feb 2014 - 14:21

SC Cambuur is der snein net yn slagge de earste útoerwinning fan it seizoen te pakken. Yn de lêste minuten joegen de Ljouwerters yn Almelo in 1-0 foarsprong fuort tsjin Heracles en einige de wedstriid yn 1-1. Elvis Manu sette Cambuur nei 23 minuten op foarsprong. In knappe redding fan de Heracles-keeper foarkaam op slach fan rêst de 2-0 fan Marcel Ritzmaier.

Heracles begong gefaarlik oan de twadde helte mei in kopbal op de latte. Yn in massaal slotoffensyf krige de thúsploech folop kânsen. Mike te Wierik kopte úteinlik dochs de 1-1 binnen.

Cambuur komt troch it lykspul op 23 punten út 23 wedstriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)