Plysje betrapet fytsedieven

09 feb 2014 - 12:47

De plysje hat sneontejûn in Ljouwerter(45) betrape by it stellen fan in fyts op it Stasjonsplein. Plysjes seagen dat de man by de fytsen omstrúnde en in frouljusfyts pakte. De man sei tsjin de plysje dat it syn fyts wie, mar koe dit net folhâlde doe't syn fytskaai net paste. De man is oanhâlden.

Yn Burgum hâlde de plysje twa Burgumers(23 en 24) oan fanwege it stellen fan in fyts. De manlju hiene in fyts pakt dy't foarsjoen wie fan in track-and-trace systeem. De plysje fûn de manlju mei de fyts by in brêge yn it doarp.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)