4,5 miljoen sjogge race Kramer

Mear as 4,5 miljoen sportleafhawwers seagen sneon dat Sven Kramer goud wûn op de Olympyske Spelen yn Sotsji. It manljus reedriden wie dêrmei fierwei it bêst besjoene programma fan de dei. Dat seit de stichting Kijkonderzoek. Ek de foarbeskôging en de neibeskôging fan it reedriden lutsen noch in soad sjoggers. De Olympyske Spelen dogge it goed op tv. Fan de tsien bêst besjoene programma's hiene sân te te meitsjen mei de Winterspelen.
Kramer, Bergsma en Blokhuijsen waarden sneontejûn huldige yn it Holland Heineken House.