Aris wint nei ferlinging

08 feb 2014 - 22:18

Aris hat de útwedstriid tsjin Weert, de nûmer lêst yn de basketballeague, mei de hakken oer de sleat wûn. Healwei stie der 37-37 op it skoareboerd, nei it fjirde kwart 68-68. Yn de needsaaklike ferlinging luts Aris mei 14-13 oan it langste ein, einstân 82-81 foar Aris. Foar de Ljouwerters is it de achtste oerwinning yn de kompetysje, goed foar it sânde plak. Nathan Healy en Darius Theus wiene mei 24 en 19 punten de tûkste Aris spilers.

Trefwurden: 
Aris basketbal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)