Hurde wyn: ôffearten ferfalle

08 feb 2014 - 17:52
  • De sneltsjinst fan Rederij Doeksen

Yn ferbân mei de ferwachte hurde wyn fan snein ferfalle op dy dei in tal oertochten fan rederij Doeksen. It giet dan om de sneltsjinst fan en nei de eilannen. Dy fan Skylge nei Flylân fan 9 oere ferfalt; ek dy fan Flylân nei Harns fan 9 oere 40. En de sneltsjinst fan Harns nei Flylân fan 10 oere 40 giet ek net.

Der is wol in ferfangende feartsjinst: moarns om 7 oere fan Flylân nei Harns. En ek fan Harns nei Flylân giet der in boat om 9 oere. De sneltsjinst fan en nei Skylge giet wol gewoan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)