Lotting 3 km froulju bekend

Ireen Wüst en Antoinette de Jong ride snein de Olympyske 3 kilometer tsjin Japanske tsjinstanners. Wüst komt yn de foarlêste rit yn aksje tsjin Shiho Ishizawa. Antoinette de Jong stiet yn de lêste rit oan de start en nimt it op tsjin Masako Hozumi. Annouk van der Weijden nimt it yn rit acht op tsjin de Dútse Bente Kraus. Claudia Pechstein en Martina Sábliková sitte yn rit alve en tolve.
De 3 kilometer start sneintemiddei om healwei ienen. Wüst en De Jong ride om de klok fan twa oere hinne.