ONS wint yn doelpuntefestijn

ONS Boso Snits hat sneon mei 5-3 wûn fan Katwijk. Op eigen fjild sette Jacob Noordmans ONS nei 11 minuten op foarsprong. Nei rêst ûntstie der in wier doelpuntefestijn. Yn de 49e minút tekene Chris de Wagt út in frije traap foar de 2-0. Fuort dêrnei skoarde Katwijk de 2-1.
Tjisse Kerkstra sette ONS op 3-1, mar op 'e nij wie it Katwijk dat de oansluting pakte en sels de lykmakker skoarde. Wa oars as rûtinier Sandor van der Heide makke de ferlossende 4-3, wêrnei't Rodi de Boer de wedstriid krekt foar de ein definityf yn it slot smiet.
De ploech fan trainer Bert Hollander stiet no op 29 punten út 20 wedstriden.