Wüst pakt goud op 1500 meter

11 feb 2012 - 17:30

Ireen Wüst hat it goud pakt op de 1500 meter by de wrâldbekerwedstriid allround yn Hamar. Yn de lêste rit wist se yn in direkt duel te winnen fan de Kanadese Christine Nesbitt. De rydster fan TVM sette in knappe tiid del fan 1.56.99 en wie dêrmei krekt wat rapper as Nesbitt (1.57.03). Ek Marrit Leenstra ried goed. Mei in tiid fan 1.57.59 pakte de rydster út Wikel it brûns. Margot Boer einige op it achtste plak.

Yn de striid om de wrâldbeker stiet Nesbitt boppe-oan mei 360 punten, folge troch Wüst (350) en Leenstra (201).

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)