SP wol yn ried Súdwest-Fryslân
De Sojalistyske Partij docht mei oan de gemeenteriedsferkiezings yn Súdwest-Fryslân. Op dit stuit sit de partij dêr net yn de ried. De SP docht yn twa Fryske gemeenten mei. Neist Súdwest-Fryslân docht de partij ek mei yn de gemeente Smellingerlân.
Foarsitter Tineke Mollema ferwachtet dat de SP sa'n fjouwer sitten helje sil yn Súdwest Fryslân.