Kramer goud, Bergsma brûns

Sven Kramer hat foar de twadde kear yn syn karriêre goud wûn op de Olympyske Spelen. Yn Sotsji waard er opnij winner fan de 5000 meter. Kramer ried yn rit tsien nei de winnende tiid: 6.10.76. Jorrit Bergsma kaam yn rit alve lang net oan dy tiid. De Boarnster sette 6.16.66 op de klokken. Jan Blokhuijsen dûkte yn rit tolve krekt ûnder de tiid fan Bergsma: 6.15.71.
Sadwaande in folslein Nederlânsk poadium: Sven Kramer goud, Jan Blokhuijsen sulver en Jorrit Bergsma brûns.
Kramer hat no fiif Olympyske medaljes. Kramer komt yn Sotsji ek noch út op de 10 km, de ploege-achterfolging en de 1500 meter. De kâns is grut dat der noch in pear medaljes bykomme.