Kramer: 'Ik gean der fol foar'

Kramer op de tribune fan de Adler Arena © ANP
Sven Kramer giet der sneontemiddei fol yn by syn earste Olympyske optreden op de 5 kilometer. Dat liet er moarns witte nei syn training. Kramer rydt fan 'e middei yn rit 10 en sil him yn elk gefal fokusje op de tiid fan de Rus Skobrev, dy't foar him fan start giet.
Yn rit alve stiet Jorrit Bergsma oan de start, syn grutste konkurrint. 'Ik gean der fol foar en dan sjogge we wol wêr't it skip strandt', liet Kramer witte.