Skipfeart hat minsken nedich

08 feb 2014 - 12:03

Nederlânske rederijen sitte te springen om nije minsken. Dat wurdt sneon dúdlik makke op de iepen dei op de seefeartskoalle yn Harns. Der is in soad ferlet fan minsken mei in goede gedegen oplieding. Op dit stuit binne der allinnich al hast 500 fakatueres. Minsken dy't no oan in oplieding begjinne en har diploma helje kinne sa goed as wis fuort oan it wurk.

Nettsjinsteande de ekonomyske krisis groeit it ferfier oer it wetter noch hieltiid en set dat de kommende jierren noch fierder troch, sa tinke de rederijen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)