ISU: Gjin straf foar Sjinkie

08 feb 2014 - 11:44

Shorttracker Sjinkie Knegt krijt gjin straf fan it ynternasjonale reedrydbûn ISU foar it opstekken fan de middelfingers op it EK yn Dresden. Knegt krijt fan it ISU wol in offisjele warskôging.

De shorttracker út Bantegea, dy't no aktyf is op de Olympyske Spelen yn Sotsji, waard foar syn aksje op it EK diskwalifisearre en út de útslach skrast.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)