Pompe yn Somerset falt net ta

08 feb 2014 - 11:20
  • It wetter giet noch hieltiid omheech yn Somerset

It pompebedriuw Van Heck út Noardwâlde hat grutte problemen om yn Ingelân oan de slach te gean. It bedriuw hat pompen levere om te helpen by de oerstreamings yn Somerset, yn Súdwest-Ingelân. Mar troch de waarsomstannichheden slagget it wurk noch net. It waait en der komt noch hieltiid wetter by. Hûnderten minsken moatte evakuearre wurde omdat har huzen fol wetter rinne.

De Britske premier Cameron hat yn Somerset west en hat tasein alles op alles te setten om de problemen op te lossen. Rivieren sille útbaggere wurde.

Noch dit wykein geane mear Nederlânske saakkundigen nei Ingelân om de wetteroerlêst de baas te wurden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)