Angenent stapt út it reedriden

08 feb 2014 - 10:52
  • Henk Angenent wint de Alvestêdetocht fan 1997

Henk Angenent, de lêste winner fan de Alvestêdetocht, stapt út de reedrydwrâld. Dat meldt er sneon yn deiblêd de Telegraaf. Angenent wie de lêste fiif jier ploeglieder yn it maratonreedriden. Hy is bot teloarsteld yn de KNSB, dy't neffens him gjin fyzje hat.

It maratonriden sit yn in delgeande spiraal, seit Angenent. It wedstriidprogramma wurdt hieltiid koarter en ploegen dogge dêrom net mear oeral oan mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)