Sotsji, dei 2: 5 km manlju

08 feb 2014 - 10:22

Reedrydleafhawwers kinne der sneon fuortendaliks plat foar. Om 12.30 oere Nederlânske tiid begjint yn de Adler Arena de 5 kilometer foar de manlju. Friezen dy't aksje komme binne Sven Kramer fan It Hearrenfean en Jorrit Bergsma fan Aldeboarn. Kramer moat it yn de tsiende rit opnimme tsjin de Amerikaan Jonathan Kuck. Yn de rit dêrnei rydt Bergsma tsjin de Noor Sverre Lunde Pedersen.

It Olympysk rekôr op dizze ôfstan is yn hannen fan Sven Kramer. Hy wûn by de Spelen yn Vancouver yn 2010 yn in tiid del fan 6.14,60.

Snein alles oer de 3 kilometer mei Wüst en De Jong.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)