Nominaasjes Frysk Sportgala

08 feb 2014 - 09:10

Eltsenien kin fan sneon ôf wer stimme op de Fryske sporters fan it jier. By de manlju meitsje reedriders Jorrit Bergsma en Sven Kramer en turner Epke Zonderland kâns op de priis. By de froulju giet de striid tusken Ireen Wüst, Antoinette de Jong en inline-skater Manon Kamminga. Sportploech fan it jier kin it grasbaanteam, de manlju's achterfolgingsploech reedriden of SC Cambuur wurde.

Oant en mei 27 febrewaris kinne minsken stimme op harren favoriten. De priisútrikking is op 5 maart op it Sportgala Fryslân.

Ferline jier binne Epke Zonderland en Marit Bouwmeester útroppen ta Frysk sportman en sportfrou fan it jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)