Skriezen folgje yn Súd-Europa

Klaas Sietse Spoelstra fan it projekt Kening fan de Greide reiziget dizze dagen mei muzikant Sytze Pruiksma troch Spanje en Portugal yn it spoar fan de Fryske skriezen. Dy lûke troch dizze lannen op wei nei Afrika. Al bliuwe der hieltiten mear fûgels de hiele winter yn dizze twa lannen.
Mar it giet net allinnich om de natoer, want sy hawwe ek ôfspraken mei minsken fan kulturele ynstellings dêr't mei gearwurke wurde kin yn it ramt fan Kulturele Haadstêd 2018 dat oan Ljouwert tawêzen is.
Besjoen wurdt hoe't minsken ferbûn binne mei it lânskip om har hinne.