Nei Rûslân foar it goede doel

De Friezen Vincent van der Steen en Thom van der Ploeg ride mei de auto foar it goede doel nei Ruslân ta. Dat is in hiele ûndernimming, want yn de Skandinavyske lannen leit op dit stuit in soad snie. Boppedat is it faak in hiele toer om by Ruslân de grins oer te kommen.
It doel fan dizze autorit is om in bedrach fan tsientûzen euro op te heljen foar de stichting Mission Possible. Dizze stifting hat in opfanghûs yn Sint Petersburg foar bern dy't te krijen hawwe mei alkohol- en drugsproblematyk.
De manlju binne freedtejûn om healwei achten ôfset út Snits. Se hoopje oer ûngefear tsien dagen werom te wêzen.