Ovidius yn it klaslokaal

Op it Dockinga Kolleezje yn Dokkum dogge se der alles oan om de Grykske taal en it Latyn nijsgjirrich te meitsjen foar de learlingen. Yn it leslokaal fan de âlde talen binne de muorren dêrom beskildere mei ferhalen fan Ovidius. Ovidius is in belangryke skriuwer út de âldheid.
Learlingen fan it Dockinga Kolleezje ha de muorrekeunst sels makke. Njonken in beskilderde muorre ha se ek it hynder fan Troje neimakke. Freedtemiddei waard it klaslokaal op feestlike wize iepene troch wethâlder Sicco Boorsma.