10.000-en minsken op it iis

11 feb 2012 - 16:50

Tsientûzenen minsken hawwe sneon bûtendoar it iis opsocht om te reedriden of te genietsjen fan alle aktiviteiten dy't organisearre waarden. Der wiene tsientallen toertochten of oare aktiviteiten, lykas belslydzjen en iissilen.

Hûnderten reedriders moasten nei de earste help fan de ferskate sikehûzen, omdat se ferwûne rekke binne. Ambulânses hiene bytiden grutte muoite om by slachtoffers te kommen. Foar in frou dy't har skonk bruts op de Wimerts by Heech, moast in sikeauto in pear hûndert meter troch de greide ride.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)