Ogbeche foarearst útskeakele

© www.dijksfotografie.nl
Sportklup Cambuur kin pas yn maart wer in berop dwaan op Bartholomew Ogbeche. De Nigeriaanske spits rûn woansdei yn de thúswedstriid tsjin PSV in hamstringblessuere op. Dêrtroch moat er yn elts gefal fjouwer wiken oan 'e kant bliuwe. Dat hat Cambuur freed bekend makke.
Ogbeche kaam yn jannewaris nei Cambuur en wie mei in assist en in goal fuortendaliks hiel belangryk yn derby tsjin Sportklup Hearrenfean.