Miljoenen foar Waadeilannen

De provinsje Fryslân ynvestearret goed 4,4 miljoen yn de leefberens en toeristyske foarsjennings op de Waadeilannen. De Waadgemeenten ferdûbelje dit bedrach, wêrtroch in lytse 9 miljoen euro frijkomt foar tweintich nije projekten yn it ramt fan de streekaginda. De provinsje hat yn oerlis mei de gemeenten de prioriteiten besjoen en oan de hân dêrfan de projekten fêststeld.
It giet ûnder oare om it ferbetterje fan strânoergongen, it opknappen fan havens en de swimbaden fan Flylân en Skiermûntseach.
De projekten geane sa gau as mooglik fan start en moatte in stimulâns jaan oan de wurkgelegenheid op de Waadeilannen.