Tûmba hâldt aksje foar homo's

07 feb 2014 - 15:19
  • Twa aksjefiersters fan it COC yn it sintrum fan Ljouwert

Op it Wilhelminaplein hat organisaasje Tûmba aksjefierd foar gelikense rjochten foar homoseksuelen yn Ruslân. De oanlieding is it begjin fan de Olympyske Spelen yn Sotsji. Yn dat lân is strange anty-homowetjouwing fan krêft. De aksjefierders fregen minsken op de foto te gean mei in statement. It is dan it doel dat sy dy foto op ynternet diele mei freonen.

De aksje duorre in oere en giet freedtejûn troch yn Amsterdam. Dêr wurdt in alternative iepeningsseremoanje organisearre as protest tsjin de minskerjochtesituaasje yn Ruslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)